Sneintemiddei 25 oktober komt Gurbe yn de fermanje fan Damwâld sjongen.
‘In Wâldpyk fol emoasje’, sa waard de Drachtster sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra alris omskreaun en dat kloppet wol aardich. Hy sjongt mei ynmoed en oertsjûging oer dat wat him dwaande hâldt; yn syn eigen libben, mar ek oer dat wat hy yn de wrâld om him hinne sjocht. En dat docht hy yn syn memmetaal, it Frysk.
Al sûnt syn jongensjierren hat dizze Drachtster sjonger de muzyk as syn grutte passy en bringt hy syn lietsjes yn de styl fan de Fryske trûbadoers. Mankelike harksankjes, mar ek fleurige ferskes oer de nuveraardige saken fan it libben. De teksten, dy’t geandewei de jierren hieltyd mear djipgong krigen ha, farieare fan somtiden hast sentimenteel oant koartswilich, mei út en troch in flinke doasis selsspot, mar allegear rjocht út it hert.
De lêste jierren is Gurbe Douwstra ek op ’n paad mei teater-lietsjesprogramma’s. ‘Teplak’ wie yn 2020 it earste, dêrnei kamen ’70!!’ yn 2024 en ‘Ald en (heal)wiis?’ yn 2026. Yntusken is hy dwaande mei de tarieding fan in fjirde lietsjesprogramma dat yn it seizoen 2027-2028 te sjen wêze sil.
In protte fan syn lietsjes binne werom te finen op de fiif cd’s, dy’t hy oant no útbrocht hat: ‘Dizze Stoarm’ (2001), ‘Myn eigen paad’ (2005), ‘Thús’ (2010), ‘Op ‘n paad’ (2019) en ‘Romte’ (2024).
Foar de muzyk dy’t hy makket, hat er de term ‘Frisicana’ betocht, mei in knypeach nei de ‘Americana’ in styl dy’t troch in protte singer/songwriters brûkt wurdt.
It konsert begjint om 15.30 oere.
De yntree is 10,00 ynklusyf kofje of tee mei wat lekkers.